VVD Amelân docht net mei oan ferkiezingen as der net mear kandidaten komme

De VVD op it Amelân docht net mei oan de riedsferkiezings fan maart takommend jier as har net gau nije kandidaten melde foar op de list. Op dy konsept-kieslist steane no mar fiif nammen fan benammen âldere manlju en dat fynt ek de partij sels 'te meager'.
It gemeentehûs fan Amelân oan de Jelmeraweg yn Ballum © Omrop Fryslân, Mats Gies
De VVD-ôfdieling sit dan ek yn swier waar, sa seit ôfdielingsfoarsitter Albert van Barneveld. Hy docht dêrom op de webside fan Persbureau Ameland in driuwende oprop oan liberale eilanners om harren foar 5 jannewaris te melden. As dat net bart is de kâns grut dat de VVD ferdwynt út de Amelanner gemeenteried.

'Benaud om kleur te bekennen'

"Bij landelijke verkiezingen is de VVD de grootste partij op Ameland, maar voor lokale verkiezingen melden zich maar erg weinig mensen", fertelt Van Barneveld. Hy hat twa ferklearringen foar dit neffens him 'rare ferskynsel'. "Veel ondernemers op Ameland willen in politiek opzicht geen kleur bekennen, omdat ze bang zijn dat dat opdrachten kan kosten."
In oare ferklearring is de opkomst fan de sterke pleatslike politike partij Ameland Eén, dy't der - yn tsjinstelling ta de VVD - wol yn slagget om jonge kandidaten oan har te binen. By de VVD keallet dat hiel swier. "We zijn al maandenlang bezig om jonge mensen te zoeken voor onze lijst, maar het resultaat is tot dusver erg mager", seit Van Barneveld.
Foarsitter Albert fan Barneveld fan de Amelanner VVD
It ôfdielingsbestjoer wol op 5 jannewaris in foarriedige kieslist opstelle, As der op dy dei net mear gadingmakkers binne as no, kin de VVD better net oan de ferkiezings meidwaan, is Van Barneveld fan betinken.
"Het zou natuurlijk héél, héél jammer zijn, maar dan hebben we te weinig body en achterban om een constructieve fractie te vormen." Hy sjocht ek praktyske beswieren. "Voor verkiezingen moeten veel werkzaamheden worden verricht. Het is lastig om dat met maar een paar man te doen."