Jesper Hospes hâldt op mei reedriden

Jesper Hospes (33) hinget syn redens oan de wylgen. De Feanster rider koe him net pleatse foar de Winterspelen by it olympysk kwalifikaasjetoernoai. Syn twadde 500 meter moandeitejûn wie dus syn lêste keunstke.
Jesper Hospes hâldt op mei topsport:
Hospes hie it al in skoftsje yn de holle om op te hâlden: "Ik wist it hiele jier al dat it hjir ophâlde soe, al hopest fansels fan net."
Hy hie graach nei de Winterspelen wollen, mar dat slagge net. Op de 500 meter kaam Hospes net fierder as twa kear 35,2, op grutte ôfstân fan it poadium. "Ik hie 34,49 opskreaun. Dêr gie ik foar. Mar as it dan net slagget, dan is it ek moai west."

"De betingsten wiene goed"

Hospes sjocht mei mingde gefoelens werom op syn karriêre: "Yn prinsipe wie it hiel moai. Ik ha alles dien wat ik woe. Allinnich hie ik mei in gruttere klap ôfslute wollen." It olympysk kwalifikaasjetoernoai typearret syn lêste jier goed. "De iepening wie oké en it iis fielde hiel goed, mar ik kom der net echt mear troch. Ik meitsje gjin topsnelheid wylst alle betingsten wol hiel goed wiene."