Huzen yn Grou net sloopt om toersweltsje

27 des 2021 - 16:19

Toersweltsjes (gierzwaluw) sitte de sloop fan in 16 wenten yn Grou yn it paad. De sweltsjes briede fan april oant en mei augustus. De nijbouhuzen dy't der foar de 16 wenten yn it plak komme, sille tsjin dy tiid noch net klear wêze. Dat betsjut dat de sweltsjes dan gjin plak hawwe.

Foto: Klaas Stelma

Wenningboukorporaasje Elkien hat nei alternativen sjoen, lykas as nestkastjes, mar dat is net mooglik omdat der te folle sweltsjes binne. En dus kin der pas nei it briedseizoen yn augustus sloopt wurde. As alles dan neffens plan ferrint, binne de huzen yn it twadde fearnsjier fan 2023 klear foar de ferhier.

De 16 wenten steane yn de Nijdjipstrjitte en de Lynbaenstrjitte. Yn totaal wurde der 31 wenten sloopt, de earste 12 lizze al plat.

Trefwurden: 
Grou sloop toersweltsje
(Advertinsje)
(Advertinsje)