FIDEO: De Harmonie yn Ljouwert bringt ljochtkeunst nei de minsken ta

27 des 2021 - 13:51

As de minsken troch alle coronamaatregels net mear nei De Harmonie komme meie, dan komt de stedsskouboarch fan Ljouwert wol nei de minsken ta.

Der is in grut ferskaat oan silhûetten en kleuren te bewûnderjen:

Mei in nije ljochtfoarstelling op de bûtenkant fan it gebou wol it teäter it kuierjend publyk yn de binnenstêd de kommende wiken wat opfleurje.

It is in ferfolch op it mediakeunstprojekt ôfrûne jannewaris fan keunstner Frouke ten Velden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)