SportCast: "Ik tink net dat Feyenoord Veerman betelje kin"

De winterske transferperioade komt der wer oan en dus nimme de spekulaasjes ta. Feyenoord soe in bod dien hawwe op Joey Veerman, mar yn de SportCast wurde fraachtekens set by de finansjele slachkrêft fan de Rotterdammers.
Nei de wedstriid dy't sc Hearrenfean mei 3-0 ferlear fan Feyenoord, kaam nei bûten dat de Rotterdammers in bod dien hawwe op Joey Veerman. De Volendammer hat der de lêste moannen gjin geheim fan makke dat hy in stap nei de top fan Nederlân wol sitten sjocht.
Sportferslachjouwer Arjen de Boer soe Feyenoord wol in logyske klup fine foar Veerman. "Ik tink dat it in goeie stap foar him wêze soe. Mar, Hearrenfean hat it folste rjocht om jild te freegjen, want hy hat noch in kontrakt oant 2024."

'Seis, sân miljoen euro'

De oare Hearrenfean-folger by de Omrop, Roelof de Vries, tinkt lykwols net dat de oerstap fan de middenfjilder nei Rotterdam troch giet. "It sil wol om in bedrach fan seis, sân miljoen euro gean mei in trochferkeappersintaazje. Ik tink earlik sein net dat Feyenoord dat betelje kin."
De Vries sjocht Veerman wol nei it bûtenlân gean. "Ik tink oan Club Brugge, sokssawat. Dat is in klup dy't it betelje kin en ek wol sa'n spiler op it middenfjild brûke kin."
Joey Veerman yn aksje yn de Fryske derby © Orange Pictures
Yn de lêste SportCast fan 2021 oer fuotbal wurdt der ek werom sjoen op it fuotbaljier fan de beide Fryske klups. SC Cambuur slút it jier ôf as heechst klassearre Fryske klup yn de earedivyzje.

'Enoarme ferrassing'

Neffens De Boer is linkerferdigener Alex Bangura dé spiler dy't it meast opfoel yn de earste seizoenshelte. Sportferslachjouwer Andor Faber giet foar Mees Hoedemakers.
Syn kollega Cambuur-folger, Geert van Tuinen, giet foar de Letske spits Roberts Uldrikis. "It is in enoarme ferrassing. Hiene wy oait fan Uldrikis heard? Hy docht it fantastysk en hy hâldt altyd twa man dwaande. Hy hat in kondysje as in hynder."
Se binne mentaal izersterk.
Andor Faber oer Cambuur.
Wat Faber bybliuwt fan de earste seizoenshelte is de mentale fearkrêft dy't der yn de seleksje sit. Der waard mei 9-0 ferlern fan Ajax en de folgjende wedstriid wurdt wûn fan Heracles Almelo.
Dat net allinnich. Trainer Henk de Jong falt fuort en in pear dagen nei't dúdlik wurdt wat der mei him is, wint de ploech by Willem ll. "Ik fyn it sa knap wat de ploech sjen lit nei dat soarte tsjinslaggen. Se binne mentaal izersterk."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.