Boudewijn de Groot en Cambuureffekt yn de Fryske top 100

27 des 2021 - 13:20

Wat is de heechste nijkommer? Watfoar nûmer is it meast sakke? En fansels, de belangrykste fraach: wat stiet op nûmer 1? Koartsein: hoe sjocht de Fryske top 100 der dit jier út?

"Om mar mei de lêste fraach te begjinnen", seit muzykredakteur Herman Zeilstra. "Dat ferklappe we no noch net fansels. Op âldjiersdei stjoere we de Fryske top 100 út en dan hearst krekt foar seizen de nûmer 1 fan dit jier."

De nûmers 100 oant en mei 11 binne wol bekend. Wat binne de ferrassingen?

"Boudewijn de Groot stiet foar it earst yn de list! Syn gearwurking mei Grytz, it nûmer 'Ik beloof', komt fuortendaliks yn de top 10."

Dat is dan ek de heechste nijkommer dus. Binne der mear nije nûmers dy't heech binnen komme?

"Krekt bûten de top tsien, mar noch hieltyd hiel heech: 'Ik meitsje dy dea' fan De Hûnekop. De sjoggers fan de film Stjer sille 'm kenne."

Wa is de grutste sakker?

"It sukses fan Grytz har gearwurking mei Boudewijn de Groot giet te'n koste fan har nûmer 'Moarntiid', dat is yn feite itselde nûmer, mar dan in eardere ferzje. Dy sakket 46 plakken, fan 35 nei 81."

Hokker artyst stiet it faakst yn de list?

"De Doelleazen en Piter Wilkens diele dy eare, sy steane der elk seis kear yn. Flak dêrnei komt De Hûnekop, mei fiif kear."

Hoefolle nije nûmers steane der yn totaal yn?

"Der binne tweintich nije binnenkommers, plus twa weromkommers. In opfallende is 'Libbenstier' fan Marit en Nigel. Se wûnen Liet yn 2015 mar krigen nea genôch stimmen foar de Top 100. Dit jier wol!"

"En Ricky syn 'Genot' stie yn 2009 foar it lêst yn de list, doe op plak 65. Dit jier komt er werom en fuortendaliks op 25. En noch heger werom: 'Mooie stad aan 't Wad' fan Wiebe van Dijk. Dy stie yn 2018 op 30, rekke dêrnei fuort út de list en stiet no op 24."

Binne der trends?

"Der is in Cambuureffekt: de promoasje fan de Ljouwerters sjochst ek werom yn de list. 'Genot' fan Ricky is der dus wer, 'De woanark' fan Anneke Douma klimt behoarlik en ek ''t Woanskip' fan Pieter Sahieter stiet der noch hieltyd yn."

Hoe is it mei it ferskaat, wat is de man-frouferhâlding?

"Net hielendal lyk, mar der binne 32 nûmers mei in froulike sjongeres. Dêrby sitte ek duo's."

Sjochst ek opmerklike sjenres?

"Fryske folkmetal! It nûmer 'Hadagrims fertriet' fan Baldrs Draumar komt nij binnen op 41. It komt út it stik Rêdbâd, dat spile is yn de teätertún fan Broeksterwâld."

En streektalen?

"Der stiet mear Stedsfrysk yn as in jier lyn. Dit jier steane der seis Stedsfryske nûmers yn de list, yn 2020 wienen dat der mar fjouwer. De 'Liwwadder Blues' fan Piter Wilkens stiet der net mear yn, mar Wiebe van Dijk en Ricky dus wol wer. En Doede Bleeker syn 'Foar Johannes' is ek in nij Stedsfrysk nûmer."

De Fryske top 100 wurdt op âldjiersdei op radio en tv útstjoerd fan 6.00 oant 18.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)