Liveblog | 27 desimber 2021

Coronanijs 27 desimber: Smoardrok by priklokaasje Ljouwert

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 27 desimber 2021, 22:54
22:51

Oant safier!

Oant safier it liveblog mei it Fryske coronanijs fan moandei 27 desimber. Moarn is der wer in liveblog.
22:17

Faksinaasje-ôfspraak foarearst net te fersetten

It is foarearst net mooglik om in ôfspraak foar in faksinaasje tsjin it coronafirus te fersetten. Dat meldt GGD GHOR. Sa kinne meiwurkers fan de callcenters ienfâldiger senioaren ynplanne foar in boosterôfspraak.
Neffens de GGD's giet 40 prosint fan de telefoantsjes dy't se krije oer it fersetten fan in ôfspraak. Se roppe dêrom op: "Misschien is het tijdstip niet handig of is het vervelend dat een andere afspraak niet kan doorgaan. Desondanks toch deze oproep: heeft u een afspraak voor een booster, kom alstublieft."
16:53

Ek minsken út de 'grypprikgroep' krije útnûging foar de boosterprik

De earste minsken mei in medyske yndikaasje, dy't noch net oan bar wiene foar de boosterprik, krije no in sms dat se earder in ôfspraak meitsje kinne. It giet om minsken út 1981. Dizze groep krige foarrang by de earste faksinaasje en de groep wachtet al langer as seis moannen op de tredde faksinaasje.
Earder sei demisjonêr minister Hugo de Jonge dat dizze groep fan 23 desimber ôf stadichoan in útnûging krije soe. Troch technyske problemen is dat net slagge.
Op it stuit meie allinne minsken dy't yn 1980 of earder berne binne, in ôfspraak meitsje foar de boosterfaksinaasje.
16:34

GGD-direkteur Margreet de Graaf krijt de boosterprik op It Hearrenfean

© Veiligheidsregio Fryslân
16:23

It is tydlik net mooglik om de faksinaasje-ôfspraak te ferpleatsen

It is tydlik net mooglik om in ôfspraak foar in faksinaasje te ferpleatsen, fanwegen de drokte by de callcenters. "Op deze manier heeft de GGD extra tijd om nieuwe boostervaccinaties in te plannen voor ouderen, zodat zij eerder aan de beurt komen", sa seit koepelorganisaasje GGD GHOR Nederlân.
Neffens de GGD bellet 40 persint fan de minsken om't sy in ôfspraak ferpleatse wolle of om't de ôfspraak net mear trochgean kin. Earder gie it om 15 persint. "Deze enorme toename heeft een grote impact op ouderen die alleen telefonisch een afspraak kunnen maken", seit de GGD. It giet dan bygelyks om âlderein dy't gjin DigiD hat en dêrtroch allinne telefoanysk in ôfspraak meitsje kin.
De GGD seit dat minsken dy't echt net mear komme kinne, noch wol annulearje kinne. "Hou er dan wel rekening mee dat u mogelijk pas later aan de beurt bent voor een booster", seit de organisaasje.
16:12

GGD Fryslân ropt minsken op om sûnensferklearring út te printen