Hoolwerf en Verweij winne earste natoeriismaraton sûnt 2019

De earste natoeriismaraton fan it seizoen is sneintejûn wûn troch Maaike Verweij. Se kaam foar Ineke Dedden en Dieuwertje van Kalken oer de streek. By de manlju wie de winst foar Bart Hoolwerf.
© ANP
"Der leit in prima iisflier. Machtich dat it wer kin", sa sei kompetysjelieder Willem Hut fan de KNSB earder snein oer de baan yn Noordlaren. Sa koe foar it earst sûnt jannewaris 2019 wer in natoermaraton riden wurde. De winst wie doe foar Simon Schouten en Rixt Meijer.
De maraton kaam wat as in ferrassing en it dielnimmersfjild wie dan ek net kompleet: in tal topriders wie op It Hearrenfean foar it OKT. Dat joech lykwols wol wat kânsen foar oare rydsters.

Gjin sprinters, wol in sprint

Fan begjin ôf oan giene der ferskate groepkes fan troch, mar in soad romte krigen se eins nea. De measte sprinters fan it maratonpeloton wiene op it OKT, mar dochs einige de maraton yn in einsprint.
As earste oer de streek kaam Maaike Verweij, folge troch Ineke Dedden en Dieuwertje van Kalken. Sy wenje beiden op It Hearrenfean. Bianca Bakker fan Wynjewâld waard fiifde en Merel Bosma fan It Hearrenfean achtste.
© ANP

Sterke dei Hoolwerf

By de manlju gie it krekt sa as by de froulju: in soad groepkes dy't besochten fuort te kommen, mar se krigen net in soad romte. Oant Niels Vervoorde en Bart Hoolwerf in flink gat pakten.
Yn de lêste tsien rondes waard dy groep noch wat oanfolle mei efterfolgers, oant in groep fan 15 riders. Bart Hoolwerf, dy't middeis noch in persoanlik rekôr op de 5 kilometer ried, sette by it yngean fan de lêste ronde oan en waard ek net mear byhelle.
It twadde plak wie foar Sjoerd den Hertog, foar Crispijn Ariëns. Harm Visser fan De Westereen pakte it njoggende plak, de op it Hearrenfean wenjende Jeroen Janissen waard sande.