Petysje om bernehert-sjirurgyske soarch te hâlden al 125.000 kear tekene

De petysje om bernehert-sjirurgyske soarch yn it UMCG yn Grins te hâlden is yntiids al 125.000 kear tekene. By it Universitair Medisch Centrum Groningen binne se bot skrokken fan it nijs dat dy soarch mooglik ferdwynt.
UMCG © ANP
Demisjonêr minister Hugo de Jonge makke dat earder dizze wike bekend. De soarch moat konsintrearre wurde yn Rotterdam en Utrecht. Dêrmei ferdynt dy soarch nei 75 jier út it noarden.