Hoe is de Fryske top 100 ûntstien? Geert van Tuinen en Wim Brons fertelle

Hoe is de Fryske top 100 eins ûntstien? Mei Geert van Tuinen en Wim Brons sjogge we werom op it 'ynstitút' dat yn it begjin hielendal gjin top 100 wie en se ha noch wol mear te fertellen.
Hoe begûn de Fryske top 100?
"It wie yn 1997 neffens my", fertelt Geert van Tuinen. "Earste krystdei hienen we in tradisjoneel programma mei in tsjerketsjinst, mar op twadde krystdei sochten we in wat frivolere ynfolling."
Programmalieder fan doe Rein Tolsma kaam mei it idee fan in Fryske top 40. "En yn 2001 is dat doe de top 100 wurden nei't de direkteur fan doe, Pim Gaanderse, yn it foarbygean rôp dat we der ek wol in top 100 fan meitsje koenen", follet Wim Brons oan. "Yn dy tiid kaam ek de Top 2000 op."
It hie wat magysks en doe mocht ik sels in hitlist presintearje.
Geert van Tuinen
"Ik bin fan de generaasje dy't grutbrocht is mei hitlisten", fertelt Geert. "Yn 1965 begûn Radio Veronica dêrmei, dat is de 'moeder aller hitlijsten'. It hie wat magysks en doe mocht ik sels in hitlist presintearje. Dat wie in hichtepunt, 'puur amusement' en ik fûn it fantastysk."

Ferbining

"De list ferbynt jong en âld", neffens Wim. "As in soarte fan 'eindejaarsverbroedering'. Jonge minsken stimme op har favorite bands en âlderen kieze har favoriten. De top 100 is in miks fan stilen."

Briefkes telle

Yn dy tiid wie der noch gjin ynternet, dus it stimmen wie noch in hiel och heden. "We hienen in advertinsje yn de Ljouwerter Krante en minsken koenen fia in bon har top 5 trochjaan en opstjoere. It reinde briefkes! Myn kollega fan doe Jan Ottevanger hat al dy briefkes teld en sa is de earste top 100 gearstald. 'In nije dei' fan De Kast stie doe op nûmer 1."
It momint om net te ferjitten fan de Fryske top 100
Yn al dy jierren ha beide mannen fansels fan alles meimakke. Beide pikke der in memorabel momint út.
"Ien kear binne we net útkommen kwa tiid", fertelt Geert. "De nûmer 1 moasten we noch draaie en it wie al seis oere. Dus moasten we langer troch. De útstjoering wie ek op telefyzje te sjen en nei seizen klapten dy sjochsifers hielendal yn. Dat wie echt in antyklimaks. Sûnt dy tiid bin ik panysk wat tiid oangiet. Gelokkich ha we yn Jaantje Olijnsma in goeie draaiboekemakker."

Ferrassende nûmer 1

Wim Brons syn oantinkens giet werom nei de Fryske band Die Twa. "Se stienen dat jier mei 'Fûgels' op nûmer 1, dus it liek ús leuk om beide mannen te beljen om se har eigen nûmer oankundigje te litten. Wylst se dat dienen, starten wy 'Cliffs of Moher' yn fan Gurbe Douwstra, de nûmer 2 dat jier. Dus wilens dat yntro kamen Jacob en Krijn derachter dat sy op nûmer 1 stienen. Sy gienen út har dak fansels."
Hokker nûmer moat nochris op nûmer ien stean?
Geert is grut fan fan 'Yn de rein' fan Wiegels Wjukkelmasine. "Dat nûmer stiet al jierren yn de list, mar mei fan my ek wolris op it earste plak komme. Dat soe geweldich wêze."
Piter Wilkens is de man dy't it neffens Wim fertsjinnet om op nûmer 1 te stean. "Hy stiet mei ferskate nûmers yn de top. Ek Rients Gratama soe it om my wol fertsjinje."
Lêste stimdei
Dizze twadde krystdei is de lêste dei datst stimme kinst foar de Fryske top 100. Bepaal mei wat op nûmer 1 komt; dat kin online www.frysketop100.nl en tusken 13.00 en 17.00 oere kinst belje mei ferskate Fryske pommeranten yn it belpanel.
De Fryske top 100 wurdt op âldjiersdei op radio en telefyzje útstjoerd fan 6.00 oant 18.00 oere.