Koälysje Harns útinoar spat

27 jul 2012 - 12:08

De brede koälysje fan de gemeente Harns is útinoar fallen. De trije partijen Harnzer Belang, Grienlinks en D66 hawwe gjin fertrouwen mear yn de oare partijen yn it kolleezje. Dat binne Frisse Wind, SP en List Soolsma. Der is te folle ferdieldheid tusken de partijen en dat is dreech foar de beslútfoarming. De styl fan bestjoeren is ek hiel ferskillend.

Boargemaster Sluiter praat freed mei de measte fraksjefoarsitters fan de politike partijen. Hy wol dat de partijen sa gau mooglik yn in ekstra riedsfergadering prate oer de situaasje.

Fraksjefoarsitter Janny Travaille fan GrienLinks neamt as ien fan de brekpunten dat de oare partijen gjin fertrouwen hawwe yn it kolleezje dat bestiet út de boargemaster en twa PvdA-wethâlders.

Fraksjefoarsitter Pieter Kraaima fan de SP tinkt dat de koälysje fallen is omdat guon partijen gjin bestjoerlike ûnderfining hawwe.

Guon Harnzers fine dat guon koälysjepartijen te negatyf west hawwe. Se rjochten harren benammen op it tsjinhâlden fan saken lykas de ôffaloven en de sloophaven yn plak fan opbouwend te wêzen of kompromissen te sluten mei de oare partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)