Tsjerken fiere krystdagen opnij yn lockdown: "Het kerstfeest gaat door"

Foar it twadde jier op rige bleaune de tsjerken op krystjûn sa goed as leech fanwege de lockdown. Just yn in tiid wêryn't minsken in soad ferlet ha fan ljocht en waarmte.
Pastoar Peter van der Weide © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dochs binne der oerdeis tsjinsten. Maksimaal fyftich besikers meie dêrby wêze. Lykas yn Snits, dêr't op earste krystmoarn om seis oere yn de roomsk-katolike tsjerke al de Dageraadsviering wie.
"Vroeger begon de echte nachtmis om vier uur 's ochtends en daar ging iedereen dan ook naar toe", fertelt pastoar Peter van der Weide fan de Sint Martinustsjerke. "Dan was het donker en sneeuwde het altijd, dus daar zit een bepaald gevoel bij van romantiek. Zo is het idee ontstaan om 's ochtends vroeg een viering te doen."
De kerk is helemaal versierd, de kerststal staat. Dus het kerstfeest gaat door.
Peter van der Weide, pastoar yn de Sint Martinustsjerke fan Snits
It krystgefoel is der net minder om foar Van der Weide. "De kerk is helemaal versierd, de kerststal staat. Dus het kerstfeest gaat door." Ek syn parochianen ha der neffens him nocht oan, nettsjinsteande de lockdown.
"De mensen vinden het niet leuk, maar op een of andere manier zijn de meeste trouwe kerkgangers er ook wel weer aan gewend. Mensen worden ook steeds creatiever. De meeste mensen hebben ook als motto: je moet doen wat kan en wat niet kan, dat kan niet. Dus we zijn al lang blij dat er vieringen zijn en dat er ook mensen bij aanwezig mogen zijn."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In fiering yn in lege tsjerke mei in livestream, sa as in soad tsjerken no dogge, wie gjin opsje foar Van der Weide. "Een viering met mensen is een heel andere viering dan dat het alleen via livestream gaat, want uiteindelijk draait in het christelijk geloof alles om de menswording. Dus als er geen mensen bij zijn, geen gemeenschap, dan is het toch iets heel anders."
Pastoar Peter van der Weide