Hûnderten oarlochsgrêven yn it ljocht op krystjûn: "Hiel yntym betinke"

Op tsientallen plakken yn Fryslân is op krystjûn in ljochtsje oanstutsen foar minsken dy't omkaam binne yn de Twadde Wrâldoarloch. It idee dêrfoar is yn 2015 troch Dick Jansen fan Burgum yn ús provinsje yntrodusearre. It wurdt hjoed-de-dei rûnom yn Nederlân dien.
© Lichtjes op oorlogsgraven
Jansen hat it idee foar de ljochtsjes net sels betocht, mar die it op by in betinking. "In jier as sân lyn wie ik yn de maitiid mei in soad âlde legerweinen yn Holten by de Holterberg foar in betinking op it earefjild. Ien fan dy manlju sei: do moatst hjir op krystjûn ris komme, dan binne alle 1.271 grêven hjir ferljochte."
Dêr diene sy it al tsientallen jierren. "It is in spektakel om te sjen. Doe kaam ik yn Burgum te wenjen, dêr't ek in tal oarlochsgrêven leit. Op it hôf by de Krústsjerke lizze fiif piloaten. Ik tocht: wêrom sil ik no net yn Burgum ljochtsjes pleatse?"

Hûnderten lokaasjes

Jansen makke in Facebookside oan en dielde it mei oaren. "Ik wie al bliid as der in man as 20 meidwaan soene. No, je koene in aai bakke op myn kompjûter, sa hjit waard er. Yn in pear dagen tiid wiene der al 140 lokaasjes. Dat is mar trochgien. Yn 2019 wiene it al 445 lokaasjes."
Dick Jansen fan Burgum
De lêste jierren is it, fanwege corona, wol minder. "No is der ek wer lockdown, mar dochs binne der mear as 350 lokaasjes dy't meidogge oan it ferljochtsjen fan de grêven."
Op allerhanne plakken yn de provinsje waarden ljochtsjes oanstutsen, bygelyks yn Wolvegea, Wytmarsum, Damwâld en Skillaerd.

Yntym betinke

It bliuwt weardefol om stil te stean by de slachtoffers fan eartiids, al is it mar mei in lyts ljochtsje. "Ik doch it al sân jier allinnich yn Burgum. Je binne eefkes allinne by dy minsken. In betinking is faak by in monumint, dat is massaal. Mar dit dogge je hiel yntym."