HEA! Ferkearsregelder by Krystdoarp Wielenpôlle
Ek dit jier docht krystdoarp de Wielenpôlle wer mei om it bêste krystdoarp fan Nederlân te wurden. Alle dagen komme hûnderten auto's mei minsken del om alle bysûndere en moaie krystfersieringen te besjen. Frijwilliger Annie Wolbers helpt mei om it ferkear yn goeie banen te lieden.