Grutte Pier dochs net yn IFKS

27 jul 2012 - 11:28

De IFKS is foarearst net fan doel mei te wurkjen oan it foarstel fan eigener Sikke Heerschop om syn skip de Grutte Pier beskikber te stellen oan skipper Delmer Los. Los seit ek fan neat te witten. Hy wol neat te krijen hawwe mei it foarstel.

Heerschop en Los hawwe in saaklik konflikt, Dêrom mei Los it skûtsje dit jier net brûke. Heerschop seit no dat er it skûtsje yndirekt dochs oan de Los-bruorren beskikber stelle wol. Dan soe de IFKS it skip beskiber stelle moatte. Mar dat kin neffens de regeleminten net.

De IFKS wol net tusken de partijen sitte. De kâns dat kampioen Los fan it jier 2010 meidocht, is no noch hiel lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)