Grutte brân yn bedriuwspân op De Gordyk ûnder kontrôle

Yn in bedriuwspân op De Gordyk is freedtemiddei in grutte brân útbrutsen. It pân stie folslein yn de brân, seit in wurdfierder fan de brânwacht. De brân is yntusken ûnder kontrôle.
Grutte brân yn bedriuwspân op De Gordyk:
"De brân kin him net fierder útwreidzje, dat is it sein 'brandmeester', mar we binne noch wol oeren dwaande", fertelt Marten Klaas Brinksma, wurdfierder fan Brânwacht Fryslân.
De brân bruts krekt foar healwei trijen út en wie direkt útslaand. It personiel fan it bedriuw wie klear om ôf te sluten, doe't se in apart lûd hearden. It personiel ûntduts úteinlik de brân. De reek fan de brân by Frederik Interieur wie op grutte ôfstân te sjen. De brânwacht hie de brân fanwegen de omfang opskaald ta in 'zeer grote brand'.
De brânwacht gong der al gau fanút dat it pân net mear te rêden wie. It doel fan it blussen wie benammen om de brân ta it gebou sels te beheinen. Yn it pân stiene ûnder oare keukens en oare interieurartikelen.

NL-Alert

Der waard foar de wissichheid wol in NL-Alert ferstjoerd. De reek like net gefaarlik foar de omjouwing te wêzen, sei Brinksma. "It liket geunstich te wêzen, de reek giet rjocht omheech."
Yn de direkte omjouwing waarden wol maatregels nommen. "De neistleine pannen binne ûntromme. De diken yn 'e buert binne ek ôfsletten."

Knallen

Neffens Brinksma foel it mei it ûntploffingsgefaar ta, al ûntplofte der binnenyn it gebou wol it ien en oar. "Der binne hurde knallen te hearren, wat dat krekt binne witte we net."
"It gebou beskôgje wy as ferlern"
It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De brânwacht fan Akkrum waard oproppen om de omfang fan de brân te besjen. Der binne mjittingen dien, dêrby binne gjin gefaarlike stoffen yn de reek fûn.