Soan slacht heit sikehûs yn

Geweld © Omrop Fryslân
In 21-jierrige man út Surhústerfean hat syn heit tongersdei sa mishannele, dat dy mei de ambulânse nei it sikehûs brocht is. De 21-jierrige jongeman hie spul krigen mei syn heit fan 53. Dêrby sloech en skopte er syn heit. Dy rekke sa ferwûne dat er nei it sikehûs ta moast.
By syn oanhâlding sette de soan it bot yn 'e kant tsjin de plysje. Hy woe perfoast net mei nei it plysjeburo. De plysje koe him dochs meinimme nei it buro. De jongeman wie ûnder ynfloed.