GGD Fryslân klear foar grutte boosteroperaasje: "De XXL-lokaasje stiet klear"

De GGD Fryslân set moandei útein mei in grutte operaasje: it faksinearjen fan tsientûzenen minsken yn de XXL-lokaasje yn Ljouwert. Ek oare faksinaasjelokaasjes binne krekt wat effisjinter makke, om safolle mooglik boosterprikken sette te kinnen.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
"De XXL-lokaasje stiet klear, ús minsken ha dêr hurd oan wurke. Moandei ha wy de dry run, it oefenjen sis mar. Tiisdei op folle sterkte", fertelt Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân.

Effisjinter prikke

Op de lokaasje wurdt net mear wurke mei prikhokjes, dêrtroch soe de trochstream better wêze. Op oare priklokaasjes yn Fryslân is ek sjoen nei it ferbetterjen fan de trochstream. "Dat rint ek as in spoar", seit De Graaf: "Drachten is noch oanpast, guon lokaasjes wurkje noch op de âlde wize, oare plakken binne noch krekt wat effisjinter makke."
Yn de XXL-lokaasje kinne in soad minsken tagelyk prikt wurde, mar der binne noch in protte tiidslotten frij. De Graaf tinkt dat it te krijen ha kin mei it feit dat minsken net direkt in brief krije as se in ôfspraak meitsje kinne. "Wy roppe minsken op, besykje online in ôfspraak te meitsjen. Ek al bist noch krekt wat jonger as de leeftiid dy't yn de parse publisearre is."
Dy lêste opmerking fan De Graaf liket yn de praktyk problemen op te smiten, om't der by it meitsjen fan de ôfspraak foarearst noch wol oan bepaalde bertejierren fêstholden wurdt.
Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân
De GGD's binne yntusken in oantal wiken oan it boosterjen, en dat liket al fertuten te dwaan. In grut part fan dizze leeftiidskategory hat in boosterprik krigen, en it tal besmettingen ûnder 70-plussers is dúdlik ôfnommen.
De Graaf seit dat it net hurd is dat soks direkt mei-inoar te krijen hat, mar dat se wol tinkt dat it boosterjen al effekt hat. "Wy binne in ein op streek mei dizze groep. Foar de 75-plussers is mear as 80 persint al boostere yn Fryslân."

Konfirmaasjetest

Der binne de ôfrûne dagen minder positive testen fêststeld, it persintaazje positive testen is lykwols heger as earder. Dat komt om't minsken no mear nei de GGD komme foar in befêstiging fan de útslach fan in selstest, leit Margreet de Graaf út: "In protte minsken komme foar in komfirmaasjetest, dat betsjut dat as der in selstest posityf is, dat nei ús rûn wurdt."