Wer steuring trein Hurdegaryp
Der hawwe freedtemoarn opnij in skofke gjin treinen riden tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Krekt lykas tongersdeitemoarn wie neffens spoarbehearder ProRail in sein- en oerweisteuring de oarsaak. It probleem begûn de moarns flak nei sânen en wie sawat oardel oere letter ferholpen. Yn dy tiid rieden der bussen tusken Ljouwert en Hurdegaryp.
ProRail kin net sizze oft de steurings fan freed en tongersdei wat mei-elkoar te krijen hawwe.