Nijbou fan de Ielânen yn Snits: soarchsintrum en wenten byinoar

Der komt nijbou fan it wensoarch- en behannelsintrum Ielânen yn Snits. It giet net allinne om in nij wensoarchsintrum foar Patyna, mar ek om goed 250 huzen dêr't it wenjen en de soarch yn it fierderop fan inoar lizze.
Ielânen © Google Street View
It hjoeddeiske sintrum oan de Harste is fan 1979. It foldocht net mear oan de easken op it mêd fan enerzjy en soarchferliening. Patyna wol dêrom in nije 'ynklusive wyk' oanlizze, wêryn't soarch in natuerlik ûnderdiel fan de omjouwing wurdt.

Soarch, wenten en fasiliteiten

It âlde wensoarchsintrum wurdt pas sloopt as de nije klear is. De grûn dy't frijkomt, wurdt ferkocht oan in tredde partij dy't der wenten bouwe kin. Der moatte ek oare fasiliteiten yn it gebiet komme, lykas deibesteging.
Njonken it sintrum moatte der 142 soarchwenten en 110 selsstannige wenten komme. It giet om likegoed hier as keapwenten.

Noch petearen oer bernebuorkerij

Patyna jout oan dat der noch praat wurdt oer de bernebuorkerij dy't oan de súdkant fan it terrein stiet. Patyna is yn prinsipe eigener fan de grûn, mar wat dêr krekt mei barre sil is noch net dúdlik. Mooglik moat der op in part fan de grûn boud wurde. Patyna en de gemeente binne yn petear om de bernebuorkerij te behâlden, al dan net yn in oanpaste foarm. Dêr is op dit stuit noch gjin dúdlikens oer.