Hearrenfean earst thús

27 jul 2012 - 10:58

SC Hearrenfean ûntfangt Rapid Boekarest yn de Europa League earst thús yn it eigen Abe Lenstrastadion. In wike letter reizget de formaasje fan Marco van Basten ôf nei de Roemeenske haadstêd.

Yn earste ynstânsje soe Hearrenfean op 2 augustus úteinsette mei in útwedstriid. Mar omdat Steaua Boekarest yn itselde stadion spilet en ek begjint mei in thúswedstriid is it spylskema feroare. Rapid Boekarest kaam yn de tredde foarronde telâne troch yn twa wedstriden it Finske Mypa 47 út te skeakeljen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)