Lichte delgong yn tal coronabesmettingen, tal stjergefallen bliuwt heech
It tal positive coronatesten yn Fryslân is de ôfrûne wike mei in lytse tsien prosint weromrûn: fan 4.530 nei 4.140. It tal stjergefallen bliuwt wol heech: 19 dizze wike.
Gemiddeld binne der yn Fryslân de ôfrûne wike alle dagen 591 besmettingen by kaam. Ferline wike wie dat trochsneed 647, noch in wike earder 789.
De measte besmettingen binne de ôfrûne sân dagen fêststeld yn de gemeente Ljouwert: 692. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (516) en Smellingerlân (375).
Achtkarspelen omrekkene de measte besmettingen
Foar de twadde wike op rige leit it tal besmettingen relatyf it heechst yn Achtkarspelen. Foar eltse 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 927 besmettingen fêststeld. In wike lyn wie dat noch 862.
Nei Achtkarspelen komme Opsterlân (807 op 100.000 minsken) en Waadhoeke (722).
19 stjergefallen, 17 sikehûsopnamen
Yn de ôfrûne wike binne der 19 Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat binne der fjouwer minder as ferline wike. It giet om fjouwer ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Noardeast-Fryslân, twa yn Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf en ien yn Dantumadiel, De Fryske Marren, Eaststellingwerf, Harns, Smellingerlân en Waadhoeke.
Der binne de ôfrûne wike 17 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne der fjouwer minder as in wike earder.
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Mear as 94.356 kear corona fêststeld
Mei de 4.140 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 94.356 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 572. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Faksinaasjegraad 80 persint
De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 80 persint folslein faksinearre. Lanlik leit it op 84,3 persint.
De gemeenten mei de leechste faksinaasjegraad ûnder tolveplussers binne Dantumadiel en Achtkarspelen (74 persint) en Noardeast-Fryslân (77 persint).
Tal besmettingen en stjergefallen de wike
WIKE | BESMETTINGEN | STJERGEFALLEN |
17 desimber - 23 desimber | 4.140 | 19 |
10 desimber - 16 desimber | 4.530 | 23 |
3 desimber - 9 desimber | 5.524 | 9 |
26 novimber - 2 desimber | 5.927 | 8 |
19 novimber - 25 novimber | 6.295 | 8 |
12 novimber - 18 novimber | 4.432 | 6 |
6 novimber - 11 novimber | 3.565 | 2 |
30 oktober - 5 novimber | 1.950 | 3 |
22 oktober - 29 oktober | 1.603 | 3 |
15 oktober - 21 oktober | 1.119 | 2 |
8 oktober - 14 oktober | 779 | 1 |
1 oktober - 7 oktober | 502 | 0 |
24 septimber - 30 septimber | 530 | 0 |
17 septimber - 23 septimber | 598 | 0 |
10 septimber - 16 septimber | 876 | 1 |
3 septimber - 9 septimber | 988 | 1 |
27 augustus - 2 septimber | 755 | 0 |
20 augustus - 26 augustus | 737 | 0 |
13 augustus - 19 augustus | 547 | 1 |
6 augustus - 12 augustus | 535 | 2 |
30 july - 5 augustus | 589 | 2 |
23 july - 29 july | 838 | 1 |
16 july - 22 july | 1.471 | 1 |
9 july - 15 july | 1.474 | 1 |
2 july - 8 july | 232 | 0 |
25 juny - 1 july | 69 | 1 |
18 juny - 24 juny | 89 | 0 |
11 juny - 17 juny | 136 | 1 |
4 juny - 10 juny | 267 | 1 |
28 maaie - 3 juny | 540 | 0 |
21 maaie - 27 maaie | 674 | 2 |
14 maaie - 20 maaie | 927 | 3 |
7 maaie - 13 maaie | 1.129 | 3 |
30 april - 6 maaie | 1.177 | 4 |
23 april - 29 april | 1.358 | 4 |
16 april - 22 april | 1.505 | 1 |
9 april - 15 april | 1.470 | 6 |
2 april - 8 april | 1.533 | 4 |
26 maart - 1 april | 1.651 | 7 |
19 maart - 25 maart | 1.666 | 10 |
12 maart - 18 maart | 1.611 | 10 |
5 maart - 11 maart | 1.180 | 16 |
26 febrewaris - 4 maart | 1.162 | 19 |
19 febrewaris - 25 febrewaris | 1.350 | 21 |
12 febrewaris - 18 febrewaris | 1.129 | 39 |
5 febrewaris - 11 febrewaris | 1.207 | 41 |
29 jannewaris - 4 febrewaris | 1.181 | 30 |
22 jannewaris - 28 jannewaris | 1.310 | 29 |
15 jannewaris - 21 jannewaris | 1.592 | 20 |
8 jannewaris - 14 jannewaris | 1.529 | 18 |
1 jannewaris - 7 jannewaris | 1.697 | 17 |
25 desimber - 31 desimber | 1.644 | 19 |
18 desimber - 24 desimber | 1.804 | 5 |
11 desimber - 17 desimber | 1.384 | 6 |
4 desimber - 10 desimber | 974 | 4 |
27 novimber - 3 desimber | 703 | 9 |
20 novimber - 26 novimber | 672 | 13 |
13 novimber - 19 novimber | 720 | 17 |
6 novimber - 12 novimber | 561 | 6 |
30 oktober - 5 novimber | 838 | 8 |
23 oktober - 29 oktober | 926 | 9 |
16 oktober - 22 oktober | 1.051 | 5 |
9 oktober - 15 oktober | 1.160 | 2 |
2 oktober - 8 oktober | 666 | 0 |
25 septimber - 1 oktober | 515 | 0 |