Berltsumer buorren opknappe

In diel fan de bewenners fan de Buorren yn Berltsum wol dat harren strjitte sa gau as mooglik opknapt wurdt. Neffens harren driigje de Buorren bot te fertutearzjen. Grutste probleem is it strjitmeubilêr. De pealtsjes en strjitlampen binne oan ferfanging ta en de bewenners wolle graach dat de strjitte dan wat griener makke wurdt. De ferwachting fan de groep is dat de bewenners dan ek better op harren huzen passe.
Tongersdei hat it earste petear west mei de wethâlder oer de plannen. Syn earste reaksje wie posityf.