Boosterjen liket effekt te hawwen: flinke delgong besmettingen by 70-plussers

Yn gjin inkele leeftiidsgroep is de delgong fan it tal positive coronatests sa grut as by de 70-plussers. Dat docht bliken út de lêste sifers fan GGD Fryslân. De GGD skriuwt de sifers ta as mooglik gefolch fan de boosterfaksinaasje.
In 70-plusser krijt in coronaprik © ANP
De 70-plussers dy't dat graach wolle, ha foar it grutste part al in boosterprik krigen. De ôfrûne wike is it tal positive besmettingen yn dy leeftiidsgroep mei mear as 30 prosint weromrûn: fan 378 nei 258.

Boosterprik foar 80,5 prosint 75-plussers

"Die forse daling hangt mogelijk samen met de boostervaccinatie, die bij deze groep inmiddels grotendeels heeft plaatsgevonden", meldt de GGD. Yntusken hat 80,5 prosint fan de Friezen fan 75 jier en âlder in boosterprik hân.
Yn de measte oare leeftiidsgroepen is in stabilisaasje of ek in delgong te sjen. Allinnich yn de groep 12 oant en mei 18 jier is noch in behoarlike groei (12,2 prosint) yn it tal besmettingen te sjen: fan 450 nei 505.
De ôfrûne wike hat de GGD 48.604 coronafaksinaasjes set, hast oardel kear safolle as in wike lyn. It grutste part fan de faksinaasjes bestie út boosterprikken: hast 46.000.