Trije jier nei kontenerramp earste opromaksje mei jild út MSC-fûns

Op Skylge binne foar it earst ladingrestanten fan kontenerskip MSC Zoe opromme mei jild út in fûns dat troch de rederij folle is.
In graafmasine hellet it floedmerk mei de plastic kerrels fuort © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De opromaksje wie yn Cupido's polder op Skylge. By de Boschplaat dêr is in hiele bulte kerrels fûn. Woansdei en tongersdei binne dy safolle mooglik fuorthelle.

'Farske' kerrels

It fûns makket diel út fan de skea-ôfhanneling nei de ramp mei de MSC Zoe begjin 2019. De reder fan dat kontenerskip hat it fûns folle en Rykswettersteat beheart it. Neidat Staatsbosbeheer de grutte oantallen kerrels fûn yn it floedmerk is Rykswettersteat der ek by roppen.
Beiden wiene it deroer iens dat it behoarlik 'farske' plastic kerrels wienen en dêrom de kâns grut wie dat sy noch fan de MSC Zoe ôfkamen. De gemeente is formeel ferantwurdlik en hat subsydzje oanfrege foar de opromaksje.

Stodyk

It floedmerk bestiet út wier en allerhanne oare saken út see en lit sjen hoe heech it hege wetter kaam is. Yn dit gefal lei it op en by in paad foar de stodyk en koe it mei help fan in graafmasine en wat trekkers mei karren fan in Skylger leanbedriuw fuorthelle wurde.
De kerrels waarden opromme mei in graafmasine:
Boskwachter Joeri Lamers fan Staatsbosbeheer is dêr wiis mei. As hjir gjin jild foar reservearre wie, hie it opromjen in grut probleem west. "Ik denk dat het dan een hele lastige exercitie zou worden", seit er.
"Grotere stukken afval kan je nog makkelijk opruimen met opruimacties van bijvoorbeeld de Waddenvereniging of de stichting Noordzee. Maar al die kleine korrels dat is eigenlijk niet te doen en redelijk arbeidsintensief. Nu hebben we er extra geld voor om het toch op deze manier aan te kunnen pakken."
Joeri Lamers © Omrop Fryslân, Remco de Vries