Nije drug GBL yn opkomst

26 jul 2012 - 21:32

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân hat grutte soargen oer in nij GHB-achtich middel dat hieltyd faker brûkt wurdt. It giet om GBL.

De partydrug GHB stiet sûnt juny op de list fan ferbeane middels en dêrtroch binne in soad brûkers oerstapt op GBL. Dit is in folle swierder middel dat benammen brûkt wurdt as profesjoneel skjinmakmiddel en yn de boumerk te krijen is. Yn GBL sitte ûnder oare swiere metalen dy't de slokterm en yngewanden oantaaste kinne.

Hoewol't de risiko's grut binne, binne der hieltyd mear minsken dy't GBL brûke. Mei ekstra foarljochting hopet de ferslavingssoarch it tal brûkers te ferminderjen.

Trefwurden: 
GHB partydrug GBL
(advertinsje)