515 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân, 1 stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 515 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 101 minder as woansdei. Doe waarden 616 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 591 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 592 besmettingen, in wike lyn op 647.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Der binne fjouwer Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Harns, Eaststellingwerf en Weststellingwerf.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 13.400. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 13.104.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.