Hearrenfean krijt ton om kânsegelikens fan bern te ferbetterjen

De gemeente Hearrenfean hat fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen 100.000 euro krigen om de kânsegelikens fan bern te ferbetterjen.
© Pixabay
De gemeente wol it jild ynsette yn de wyk De Greiden, en wurket dêr gear mei skoallen, berne-opfang, maatskiplike organisaasjes en âlden. It is noch net dúdlik hoe't it jild ynset wurde sil.
"De earste stap dy't we no konkreet dwaan sille, is mei de skoallen en de âlden sjen hoe't it probleem spilet yn De Greiden. Hoe grut is it en wat soene we deroan dwaan kinne", fertelt wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean.

Wêrom De Greiden?

Der is foar de wyk De Greiden keazen, om't it in moaie trochsneed sjen lit fan de gemeente Hearrenfean is, seit Zoetendal.
"It is in frij grutte wyk, der wenje 7.000 minsken. Der sitte ferskillende skoallen fan ferskillende achtergrûnen, en der binne ek in soad minsken fan ferskillende kultueren yn dy wyk. Wy tinke wol dat wy hjir echt moai erfaring opdwaan kinne, dy't we letter ek op oare plakken yn de gemeente tapasse kinne."
In boarterstûn © Shutterstock.com
Neffens Zoetendal giet it der net om dat no elkenien itselde wurde moat of itselde dwaan moat. "Mar foaral dat we de wurdearring foar bern eins oeral itselde ha. Dat it net útmakket wat dyn achtergrûn is en oftst no wol of net goed meikomme kinst mei it lêzen. Hoe kinne we bern fertrouwen jaan om har te ûntwikkeljen en it maksimale út harsels te heljen?"
De gemeente sjocht dat de ferskillen tusken minsken yn de maatskippij hieltyd grutter wurde. "It wurdt foar minsken dy't net goed meikomme kinne, hieltyd dreger om oan te heakjen."

Startgearkomste yn 2022

De kommende tiid wurde de plannen taret en sille der petearen plakfine yn De Greiden. Bedoeling is om op basis dêrfan aktiviteiten op te setten op it mêd fan bygelyks sport en taal. Yn de maitiid fan 2022 wurdt der in startgearkomste organisearre.
Wethâlder Jelle Zoetendal