Plysje Harns komt yn aksje tsjin baldadige jongelju

De plysje fan Harns komt yn aksje tsjin in groep jongelju dy't de ôfrûne tiid foar in soar oerlêst soarget yn de stêd. It giet om it ôfstekken fan swier fjoerwurk, mar ek bygelyks om it efterlitten fan ôffal en om it ferslepen fan it terras fan in hoarekasaak.
Harns op jûntiid © Shutterstock.com (Fotografiecor.nl)
De plysje hat de groep jongerein yn byld en sil yn 'e mande mei de hanthavening hannelje. De gemeente Harns hat koartlyn brieven stjoerd nei de âlden fan in tal fan de jongelju. Yn de brief wurde de âlden en fersoargers wiist op harren ferantwurdlikens.

Plysje freget om respekt

Uteinlik kin der sels oergien wurde ta in gebietsferbod, mar de plysje hopet dat it safier net komt. De plysje freget om respekt foar inoar en inoars eigendom. "Wij begrijpen dat het een moeilijke tijd is. Dit geldt echter voor ons allemaal. Het kan niet zo zijn dat dit wordt geuit met overlast gevend gedrag."