Thialf krijt miljoen fia provinsje, om Europeeske regels te omsilen

It demisjonêre kabinet hat in oplossing fûn om Thialf dizze winter mei in miljoen euro te stypjen. It jild wurdt fia provinsje Fryslân beskikber steld. Op dy wize is de stipe net yn striid mei Europeeske regels.
Thialfdirekteur Winters leit út wêr't it jild foar bedoeld is:
Earder rôp steatssekretaris Paul Blokhuis op om net foar dat foarstel te stimmen om't de stipe yn striid wêze soe mei regeljouwing út Europa. Mar troch dit fia de provinsje te dwaan, kinne mooglike 'steatsstipeproblemen' foarkommen wurde, skriuwt Blokhuis yn in brief oan de Twadde Keamer.
"Deze maatwerkoptie is mogelijk omdat provincie Friesland een breder herstructureringsplan voor Thialf voorbereidt en hiervoor al een staatssteuntraject bij de Europese Commissie heeft lopen. De impuls op vervangingsinvesteringen past hierbinnen", skriuwt Blokhuis yn syn taljochting.
Argyffoto fan Thialf © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De steatssekretaris seit yn de ôfrûne wiken yntinsyf kontakt hân te hawwen mei de provinsje en de direksje fan Thialf. It reedrydbûn KNSB seit bliid te wêzen dat 'Thialf as medaljefabryk' erkend wurdt. Al fynt it bûn wol dat der noch mear barre moat om de eksploitaasje sûn te krijen.

Winter oerbrêgje

Mei it jild kin efterstallich ûnderhâld dien wurde en kin Thialf taret wurde op it seizoen 2022-2023. De Olympyske Winterspelen moatte sa ek net yn gefaar komme. Yn it koälysjeakkoart foar it nije kabinet is foar de fjouwer jier dêrnei al it foarstel dien om in miljoen it jier beskikber te stellen.