Man reanimearre op stasjon

stasjon Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
In 85-jierrige man út Súd-Afrika is tongersdeitemoarn op it treinstasjon yn Hurdegaryp reanimearre. De man waard net goed en foel hurd mei de holle op 'e grûn. It wie op dat momint drok op it stasjon, om't der gjin treinen rieden tusken Hurdegaryp en Ljouwert. Sa'n 70 minsken hawwe it allegear sjoen.
De plysje biedt slachtofferhelp oan foar omstanners dy't dêr ferlet fan ha. Mei de man giet it nei omstannichheden goed.