Friesland Lease wiis mei Stint-skeafergoeding, mar it is noch net klear

Friesland Lease is tige wiis mei de útspraak fan de Ried fan Steat dat de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat in skeafergoeding betelje moat foar it beslút om de Stint fan de dyk te heljen.
© ANP
It Drachtster leasebedriuw hie sa'n 700 fan dy elektryske bolderkarren yn bedriuw op it momint dat yn 2018 yn Oss in slim ûngelok barde mei in Stint. In Stint mei dêryn acht bern stie by in spoaroergong net op tiid stil. Fjouwer bern kamen om it libben.

Beslút Ried fan Steat

Minister Cora van Nieuwenhuizen bepaalde dêrnei dat de Stints net mear de dyk op mochten, sy luts de talitting yn. De rjochtbank bepaalde earder al dat dat beslút net soarchfâldich naam wie, yn elts gefal net as it giet om de lichte Stints fan 800 Watt. De Ried fan Steat giet dêr no yn mei.
Het ding was meteen waardeloos toen het van de weg moest worden gehaald.
Direkteur Jan Baljeu fan Friesland Lease
Friesland Lease hat neffens direkteur Jan Baljeu in soad skea oprûn. "Het ding was meteen waardeloos toen het van de weg moest worden gehaald. Een investering van tussen de zes- tot achtduizend euro per Stint was in één keer bijna nul. Als je er dan zevenhonderd hebt, loopt de schade wel op."
Direkteur Jan Baljeu fan Friesland Lease
Hoe grut de skeafergoeding foar Friesland Lease wêze sil is noch net dúdlik, sa seit direkteur Baljeu. "We worden in het gelijk gesteld voor het gedeelte van de 800 Watt-Stints. Maar wij hebben ook een deel 1200 Watt-Stints."

Skikking

De rjochter advisearret om in skikking te treffen mei it ministearje. "Wij weten niet precies welk aandeel in welke Stint zit. Maar je spreekt over forse bedragen, een veelvoud van honderdduizenden. We hebben nog delen kunnen gebruiken, dus de schade moet wel goed in beeld gebracht worden. Dan gaan we graag in gesprek met het ministerie."
Jan Baljeu © ANP
Sa'n skikking sil noch wol efkes op him wachtsje litte, ferwachtet Baljeu. "Het duurde al jaren voor we op dit punt waren. Eerst de uitspraak van de rechter in Groningen die ons in het gelijk stelde, daarna nog het hoger beroep van het ministerie bij de Raad van State. Er zit behoorlijk veel tijd in voor ons. Maar de schade was ook zodanig dat dit de moeite waard was."

Bernedeiferbliuwen

Net allinnich it bedriuw hat rjocht op in skeafergoeding. Dat jildt ek foar de bernedeiferbliuwen dêr't de Stint brûkt waard. De brânsjorganisaasje seit dat it al gau om 100.000 euro foar elts bernedeiferbliuw giet en dêr binne der 170 fan.