Wetterbuffers op Flylân yn 'e grûn: ierdgasfrije wyk in stap tichterby
De ierdgasfrije wyk Duinwijck op Flylân is wer in stap tichterby no't twa grutte wetterbuffers yn de grûn takele binne. Yn dizze 'ûndergrûnske swimbaden' wurdt aanst waarmte opslein.
Duinwijck is ien fan de 27 ierdgasfrije wiken dy't in ryksbydrage fan 120 miljoen euro krigen hawwe yn 2018 om folslein fan it gas ôf te gean. It doel is om kennis en ûnderfining op te dwaan en sa te sjen hoe't hiel Nederlân yn 2050 fan it gas ôf is.
Waarmtenet
De wyk hat al in waarmtenet. Under de grûn lizze liedingen dêr't waarm wetter trochhinne streamt nei de 39 huzen ta. De bewenners hawwe gjin eigen cv-tsjettel, mar in sintrale cv dy't no noch op ierdgas draait. Letter sil wetter troch saneamde heatpipes rinne en opwaarme wurde.
Antoine Maartens, projektlieder fan enerzjykorporaasje VlieWaCo, leit it simpel út: "We verzamelen warmte in de zomer en gebruiken het in de winter, daar komt het op neer."
Twa wetterreservoirs
Dat opwaarme wetter komt yn twa buffers. Ien fan 5.000 liter foar direkt gebrûk en ien fan mear as 2 miljoen liter dy't fjouwer meter ûnder de grûn komt. Neidat de buffer ynstallearre is, duorret it in heal jier om de buffers op te waarmjen. Dêrom is de ferwachting dat it systeem om 1 july hinne draait.
Neffens direkteur Siebe Geerts fan HoCoSto is de grutte fan dizze wetterbuffer unyk yn Nederlân. "Dit is de eerste keer dat we dit op deze schaal doen. Straks worden er zo'n 39 woningen op aangesloten."
De oanlis is noch wol in poepetoer. "De laatste folie gaat er nu in, dat moet ervoor zorgen dat het water blijft zitten. Dan hebben we een mooi zwembad. Er komt een speciaal spaceframe in zodat er later weer gewicht op kan. Er komt weer gras overheen, zodat niemand er wat van ziet."