Racefytser nei botsing stoarn

26 jul 2012 - 16:49

De 67-jierrige racefytser dy't tongersdei op de Jeltingaleane by Bûtenpost op in auto botste is yn it sikehús oan syn ferwûnings ferstoarn. De man woe by de sportfjilden it doarp yn fytse en kaam dêrby frontaal yn botsing mei in auto. De fytser waard in tal meters troch de loft slingere en klapte doe op de dyk.

Neffens tsjûgen ried de auto net te hurd, mar kaam it slachtoffer ynienen de dyk op en wie in botsing net foar te kommen.

Trefwurden: 
Bûtenpost racefytser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)