Rendac rydt ek op sneon

26 jul 2012 - 16:38

Rendac sil yn ferbân mei it waarme waar dizze wike ek op sneon kadavers ophelje. Normaal wurde kadavers yn it wykein net ophelle, mar op de earste wurkdei nei de melding.

De ekstra service jildt net foar lytse bisten dy't gewoanwei yn fetten oanbean wurde, lykas biggen, lammen en hinnen.

Trefwurden: 
Rendac
(advertinsje)