Alvestêde-iis op menukaart

alvestêde-iis
Yn restaurants yn de alve stêden fan Fryslân stiet tenei Alvestêde-iis op de menukaart. De inisjatyfnimmers ha betocht dat as de natuer it iis yn de winter net leveret, de koks it yn de simmer mar dwaan moatte. Wa't it iis bestelt, krijt der in stimpelkaart by. Yn alle restaurants krijt men in stimpel by it iis en in folle kaart is goed foar in aardich oantinken.
Yn novimber ferskynt ek noch in boek mei de resepten, portretten fan promininte reedriders en toeristyske ynformaasje oer de alve stêden.