SAR en F16 lêst fan mist

Mei mistich waar ûntstiet makliker smog © Alfred Borchard / stock.xchng
De SAR-helikopter en de F-16's fleane net fanwege de mist. It sicht is te min en troch oanfriezende mist kin it glêd wêze. By needgefallen wurde rêdingsboaten ynset. Mocht it moandeitemiddei noch opklearje, dan soene de SAR-helikopters wer fleane kinne. De lêste twa wiken binne der ferskate F-16-fluchten skrast troch de mist. Dat wurdt letter ynhelle.