Soargen Gytsjerk oer sealromte

Doarpsbelang hat soargen oer plannen om it iennichste sealesintrum yn it doarp, de Viersprong, om te bouwen ta wenfoarm. Doarpsbelang is benaud dat der aanst gjin plak mear is foar grutte ferienings om gearkomsten te belizzen. De stichting achter de Thomashuzen wol it pân ombouwe ta wenfoarm foar minsken mei in beheining.
Doarpsbelang is benaud dat der dalik gjin grutte sealen mear beskikber binne foar bygelyks ferienings yn it doarp.