VVV: 16 graden yn Fryslân

26 jul 2012 - 14:30

Neffens de toeristyske website Touristinfofryslan.nl wurdt it tongersdei yn Fryslân net waarmer as 16 graden. Op de homepage fan de site stiet in sinne mei dêrnjonken 16 graden. Dat is apart, want neffens Piet Paulusma is it tongersdei seker 24 graden yn Ljouwert. Woansdeitemoarn wie Ljouwert sels even de waarmste stêd fan Nederlân.

Wêrom de VVV oanjout dat it yn Fryslân net waarmer is as 16 graden is net bekend. It giet mooglik om in technyske flater. Nachts leit de temperatuer wol om de 16 graden hinne, mar oerdeis is it folle waarmer.

De webpoarte Toeristinfofryslan.nl is ûntstien út in gearwurkingsferbân fan Fries Uitburo, Friesland Wonderland, Friesland Beweegt, Recreatieschap De Marrekrite en Fryslân Marketing. De website wurdt beheard troch de VVV fan Ljouwert.

Trefwurden: 
VVV Tourist Info Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)