Man rydt fierste hurd yn mist

21 nov 2011 - 11:30

Op de Julianaleane yn Ljouwert is moandeitemoarn in man út Akkrum fan de dyk helle, omdat er mar leafst 109 kilometer yn de oere ried. Op de Julianaleane mei mar 50 kilometer riden wurde. Boppedat wie it ek nochris hiel mistich. Neffens de plysje hie de man mar 70 meter sicht. It rydbewiis fan de man is ynnommen en hy kin noch in boete ferwachtsje.

Trefwurden: 
mist
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)