RIVM meldt 616 nije coronabesmettingen en 5 stjergefallen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 616 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 136 mear as tiisdei. Doe waarden 480 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 592 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 594 besmettingen, in wike lyn op 668.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fiif stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Weststellingwerf (2), Ljouwert (1), Waadhoeke (1) en Eaststellingwerf (1).
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne twa ynwenners fan de gemeente Noardeast-Fryslân en ien út de gemeente Hearrenfean.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 13.460. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 13.538.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.