Psycholooch oer omgean mei de nije lockdown: "Sykje ferbining"

Al wolle we optimistysk bliuwe, it freget enerzjy en fearkrêft om it nijs fan de nije lockdown te ferwurkjen. Psycholooch Anneke Hol fan GGZ Friesland leit út hoe't we dermei omgean kinne.
Anneke Hol, psycholooch by GGZ Friesland © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"Wat my dit kear wol opfalt, is dat ik wat mear ôfstomping yn myn omjouwing sjoch", seit Hol. "Minsken reagearje wat flakker, krekt oft it se net mear sa rekket as eardere kearen."

Heftich

Neffens har moatte we ús der goed bewust fan wêze dat dat eins net normaal is. "It binne bêst heftige dingen. Dit giet hiel bot oer je eigen persoan en je wêzen, en in oar bepaalt wat je dwaan en litte moatte en meie. Dêr reitsje we gek genôch wat oan wend, omdat it hieltyd faker bart."
We kinne ússels neffens Hol in pear fragen stelle om derfoar te soargjen dat we de hoop net opjouwe. "Wat wol ík hjir mei? Wat fyn ík hjiryn belangryk? Wat fyn ik ek alwer leuk om te dwaan? Dat je net tefolle de skouders hingje litte, fan: okee, dêr gean we wer, ik ha gjin kar. Dêr wurde je net blider fan."
Wat telt no swierder? Mei dit ús útinoar driuwe of kinne wy ek in wei om corona hinne fine yn it kontakt?
Anneke Hol, psycholooch by GGZ Friesland
Wat we foaral net dwaan moatte, is de konfrontaasje opsykje, fynt Hol. It is neffens har tige belangryk dat minsken de mieningen fan inoar respektearjen bliuwe, no't de tsjinstellingen tusken bygelyks foar- en tsjinstanners fan faksinaasjes hieltyd grutter lykje te wurden.
"Foardat je it witte, sitte je yn in gefjocht wat je eins útinoar driuwt. Dat kinne je hiel bot op 'e spits driuwe, mar wês der asjeblyft wach op wat it effekt dêrfan is", seit Hol.

Tip

As tip jout se mei om nijsgjirrich te bliuwen nei jinsels en nei hoe't in oar de dingen sjocht, want dêr sit ferbining yn. "Wat telt no swierder? Mei dit ús útinoar driuwe of kinne wy ek in wei om corona hinne fine yn it kontakt? Der binne fansels noch folle mear dingen as corona dêr't je it oer ha kinne."
Lockdown yn Ljouwert © Leo Middelsé, Wytse Vellinga
Anneke Hol