Heechlearaar Goffe Jensma oer it Oera Linda-boek yn de Thúsakademy

It Oera Linda-boek is it apartste en tagelyk ek it meast oersette boek út de Fryske literatuer. It fertelt oer it mytysk ferline fan Fryslân. Wat bart der as godstsjinst, wittenskip, skiedskriuwing en Fryslân in literêr meunsterferbân mei inoar oangeane? Dêroer fertelde Goffe Jensma woansdei yn de tredde Thúsakademy.
It boek ferskynde samar ynienen yn de 19e iuw en bliek skreaun troch in Fryske dûmny: François Haverschmidt (better bekend as Piet Paaltjens). Der stie yn dat Fryslân ien fan de âldste en wichtichste beskavingen fan de wrâld wie en dat ús kultuer fan it alderheechste soarte wie. Nei in skoft waard dúdlik dat it in prachtich, mar net te fertrouwen ferhaal wie. In myte.

Mytogene enerzjy

Heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma hat jierrenlang ûndersyk dien nei it Oera Linda-boek en nei Piet Paaltjens. Neffens him leveret de miks fan de eleminten religy, skiednis, wittenskip en Fryslân 'mytogene' enerzjy op: it makket yn minsken it fermogen en de wil los om mytysk te tinken.
Goffe Jensma, Nelleke IJssennagger - Van der Pluijm en Arjen Dijkstra © Omrop Fryslân
Trije wittenskippers jouwe yn de desimbermoanne kolleezjes oer de ferhalen achter mytes dy't sy ûndersocht hawwe en de nije ynsichten dy't dat opsmiten hat.
Thúsakademy 'De myte foarby' oer it Oera Linda-boek wie woansdei 22 desimber om 20.30 oere live op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân.