Liveblog | 22 desimber 2021

Coronanijs 22 desimber: 75-plussers krije brief foar boosterprik | Minder reisbewegingen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 27 desimber 2021, 14:14
23:06

Oant safier

Oant safier it liveblog fan woansdei 22 desimber. Moarn is der wer in nij liveblog.
20:59

Minder reisbewegingen yn de lockdown

Troch de lockdown is it wer rêstiger wurden op de dyk en yn it iepenbier ferfier. Dat docht bliken út sifers fan it Nationaal Dataportaal Wegverkeer, Translink en it Nederlands Verplaatsingspanel. Ofrûne moandei sieten Nederlanners yn trochsneed sa'n 27 minuten yn de auto, dat is hast seis persint minder as in wike earder. Der wiene ek minder files as earder.
Yn it iepenbier ferfier is de ôfname noch skerper: ov-chipkaartbedriuw Translink telt goed in tredde check-ins minder as in wike earder.
18:53

De Jonge: "We hebben nog een aantal prikken te gaan"

Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge tinkt dat we der mei in tredde prik noch net binne. Wannear't minsken in fjirde prik krije moatte soenen, is noch net dúdlik. De Jonge seit wol dat hy alles klear hawwe wol om yn it twadde fearnsjier fan takom jier wer in prik út te dielen as der dan in faksin is dat helpt tsjin de omikronfariant fan it coronafirus.
17:53

GGD Fryslân yn Dokkum: kom op ôfsprutsen tiidstip

17:40

Laboratoariumsifers befêstigje rappe opkomst omikronfariant

Testresultaten fan laboratoaria litte sjen dat de omikronfariant fan it coronafirus hiel rap rûngiet yn Nederlân. Yn sa'n 3000 testmeunsters binne oanwizingen fûn dat it om in ekstra besmetlike fariant giet. Ek is de ferwachting dat omikron noch foar de jierwiksel de meast foarkommende coronafariant yn Nederlân wêze sil.
It RIVM doart noch net te sizzen hoe siik je wurde kinne fan de nije fariant. Undersiken út it bûtenlân jouwe oan dat it tal slimme syktegefallen leger is, mar neffens Jaap van Dissel fan it RIVM is dêroer noch te folle ûnwis.
17:22

Kolleezje Súdwest-Fryslân wol opnij coronastipe foar maatskiplike ynstellingen

It kolleezje fan gemeente Súdwest-Fryslân wol de regeling foar coronastipe oanhâlde yn 2022. De gemeente hie hope dat it net mear nedich wêze soe, mar troch de nije maatregels tinkt it kolleezje dat de regeling der dochs wer komme moat.
Theater Sneek © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn septimber 2020 kaam foar it earst finansjele kompensaasje foar maatskiplike ynstellingen as sy ferlies hiene troch de coronamaatregels. Yn maart fan dit jier barde dat ek. Mei it beslút fan it kolleezje soe der foar de tredde kear coronastipe komme. De gemeenteried nimt yn febrewaris in beslút.