Operaasje Fryske Flagge: Mare gie foar de leafde nei Albanië

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Mare Pleket gie foar de leafde nei Albanië.
© Omrop Fryslân
Op in reis troch Italië kaam Mare Pleket (47) har leafde út de Balkan tsjin: in toskedokter út Albanië. No wennet se alwer hast trije jier yn de Albaneeske stêd Sarandë. "De fonken sloegen net drekst oer", seit Mare. "Mar wol nei lang kontakt, en nei lang hinne en wer skriuwen."
Se wie dochs ta oan hiel wat oars. "Yn Nederlân die ik wurk dat ik dochs net folhâlde soe oant myn pensjoen", seit Mare, dy't grutbrocht is op De Lemmer. "Ik tocht: as ik wat wol, dan moat ik it no dwaan."

Folle relaxter

Boppedat wie it ek net sa maklik om tegearre nei Nederlân te kommen. As toskedokter koe har freon hjir net fuortendaliks oan it wurk, fanwegen syn bûtenlânske diploma's. "Dan moast er allegearre djoere kursussen dwaan", seit Mare.
"Mar it libben yn Nederlân is ek neat foar him." Se fertelt dat it der yn Albanië folle relaxter oan ta giet. "Ik tocht: neffens my is it better om nei Albanië te gean."
No wennet Mare der yn in appartemint, dat se simmerdeis ferhiert oan toeristen. "Sa ha ik aardich wat jild foar de rest fan it jier." Yn de winter hat se it rêstich: se drinkt kofje, makket in praatsje mei de minsken, of in rûntsje oer de bûlevaar. Mare: "It is it 'Switserske' gefoel."

Gjin ferlet om werom te gean

De famylje fan Mare moast wol efkes wenne oan it nije lân dêr't Mare wenjen gie. "'Onbekend maakt onbemind', mar it is myn libben, dus ik gie. It is ek net oan de oare kant fan de wrâld. Ik kin sa nei Nederlân as ik dat wol."
Mare Pleket út Albanië wei
Boppedat: Fryslân mist se hielendal net. "Benammen yn dizze tiden net. Ik ha der 2 jier lyn foar it lêst in wike west. As ik dan fan Ljouwert nei Boalsert gean, mei de bus, dan tink ik wol: wat is it hjir moai grien, en organisearre, ensa."
Mar it is earder tiid dat de Friezen dêr ris in kear komme. "Dan kinne minsken ris sjen hoe moai it hjir is", seit Mare. "Albanië hat wol in min imago, mar dat is sa net wier. Ik hoopje dat Nederlanners en Friezen sjogge hoe moai it lân is."
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.