Twa Ljouwerters feroardiele foar rellen by huldiging Cambuur

Twa Ljouwerters dy't belutsen wiene by de rellen op 1 maaie yn it sintrum fan Ljouwert, nei oanlieding fan de helikopterhuldiging fan Cambuur, binne tiisdei troch de plysjerjochter feroardiele ta wurkstraffen.
© Jaring Rispens
Nettsjinsteande in troch de boargemaster oankundige needferoardering hiene harren yn it sintrum fan Ljouwert tsientallen minsken sammele. De groep woe yn in mars fan it Saailân ôf nei it Cambuurstadion rinne. De groep joech gjin gehoar oan de oprop fan de plysje om it gebiet te ferlitten. It kaam yn de binnenstêd ta ferskate konfrontaasjes tusken de ME en de supporters.

Blik bier

De 25-jierrige Ljouwerter hat op de Eewal in bierblikje nei de ME smiten en op it Saailân in terrasstoel. Dat hat er ek tajûn. De man siet nei eigen sizzen net lekker yn syn fel. By de rjochter sei er spyt te hawwen. Hy sei dat er him meislepe litten hat. Syn libben soe er yntusken bettere hawwe.

In troch de offisier fan justysje easke stadionferbod fan in healjier waard troch de rjochter net oplein. Dat stadionferbod en in ferbod foar it gebiet om it Cambuurstadion hinne sil it kommende healjier wol jilde foar in twadde fertochte, in 21-jierrige Ljouwerter. Hy ferskynde net op de sitting. Hy hie op de brêge bij de Waach in blik bier en op it Saailân in terrasstoel nei de ME smiten.

Ferantwurdlikheid net naam

It smiten mei it blik hat de Ljouwerter ûntkend. Neist it stadionferbod lei de rjochter in wurkstraf op fan 100 oeren en in selstraf ûnder betingst fan 30 dagen. De rjochter liet meiwage dat de fertochte troch te ûntkennen dat er it blik smiten hie en troch net nei de sitting te kommen, syn ferantwurdlikheid net naam hat.

De Ljouwerter hie by it plysjeferhoar sein it "belachelijk" te finen dat de supporters net normaal it kampioenskip fiere koene en "weggeslagen" waarden troch de plysje. By de ûngeregeldheden waarden in tsiental persoanen oppakt. Ien ME'er rekke ferwûne op it Wilhelminaplein ferwûne, ek troch in bierblik dat troch in supporter goaid waard.