Liveblog | 21 desimber 2021

Coronanijs 21 desimber: 'Sporte en bewege oanmerke as essinsjele sektor'

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 21 desimber 2021, 22:45
tiisdei 21 desimber 2021
22:23

Noflike jûn

Oant safier it liveblog fan tiisdei 21 desimber. Moarn is der wer in nij liveblog.
22:16

'Sporte en bewege oanmerke as essinsjele sektor'

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat it kabinet útsiket oft sport en bewege oanmurken wurde kin as in essinsjele sektor. It is foar de sûnens wichtich dat minsken bewegen bliuwe, en boppedat spilet sport in wichtige rol yn it wolwêzen fan minsken, de mienskip en ekonomy, fynt it parlemint. In moasje fan CDA-Keamerlid Joba van den Berg hjiroer waard yn mearderheid oannommen.
De Keamer freget it kabinet út te sykjen "ûnder watfoar rânebetingsten sport en bewege mooglik taheakke wurde kinne oan de list fan essinsjele sektoaren". Dat is fan belang om't ek by de strangste lockdowns dy essinsjele sektoaren net sletten waarden. It giet dan ûnder oare om supermerken, tankstasjons en advokatekantoaren.

'Mear tiid nedich'

Rutte sei dat er de moasje begrypt, mar dat der wat mear tiid nedich is om dit goed út te sykjen. "Dat gaat nu niet lukken, voor de kerst." Hy joech ta dat it ûnderskied tusken essinsjeel en net-essinsjeel "nergens op slaat". "Maar goed, we bedoelen ermee: als je er niet heengaat, verhonger je niet. Maar je kunt ook verhongeren door te weinig cultuur te hebben en je kunt verhongeren door te weinig boeken te lezen. Maar dat is dan een andere vorm van verhongeren."
Rutte: mear tiid nedich © ANP
18:46

Rutte ropt op: net nei België of Dútslân ta

Nederlanners soene net oer de grins gean moatte nei België of Dútslân. Dat fynt demisjonêr premier Mark Rutte. Hy seit mei klam dat it advys sa min mooglik kontakt mei oaren is. Dêr heart by dat men net nei de buorlannen giet om bygelyks stêden te besykjen of te shoppen.
As minsken dochs nei België of Dútslân moatte, bygelyks foar wurk, dan moatte se harren neffens Rutte goed tariede en harren hâlde oan de maatregels dy't dêr jilde. Fakânsjegongers riedt er oan om op it fakânsjeadres te bliuwen.
Op de parsekonferinsje fan ôfrûne wykein waarden Rutte en coronaminister Hugo de Jonge frege oft minsken noch op fakânsje meie. De Jonge sei dat dit mocht, salang't se har dêr mar oan de jildende regels hâlde.
De grins mei Dútslân © ANP
17:46

De Jonge oerwaget wachttiid nei boosterprik te skrassen

It Ljouwerter Twadde Keamerlid Aukje de Vries hat it kabinet frege oft de 15 minuten wachttiid nei de boosterprik ek skrast wurde kin. Op dy wize is der miskien mear tiid om oaren te boosterjen. Hugo de Jonge, minister fan Folkssûnens, wie net fuort entûsjast: "Ik aarzel sterk."
"Bij de GGD biedt dat niet echt een versnelling omdat daar de wachtruimtes groot genoeg zijn", seit De Jonge. "Voor de huisartsen zou het echt wezenlijk sneller gaan als je daar de vijftien minuten af haalt."
De wachttiid is ynfierd om fluch yngripe te kinnen as minsken in allergyske reaksje op de faksinaasje krije.
17:23

Sneltest slacht net oan op jonge besmetting

Ut ûndersyk fan de universiteit fan Leuven docht bliken dat sneltests it coronafirus net sa goed opmerke yn de earste dagen nei de besmettting. Neffens Emmanuel André fan de universiteit kinne sneltests dêrom in falsk gefoel fan feiligens jaan.
16:46

Krystsirkus giet net troch

De krysttiid hat in soad tradysjes. Ien dêrfan is it krystsirkus: mei in soad sfear yn in tinte sjen nei akrobaten en clowns. Mar opnij kin it wintersirkus fan Snitser Sander Balk net trochgean. In grouwe domper. Benammen ek om't se der hielendal klear foar wiene: it sirkus hie sels in nije akkommodaasje yn it teäter fan Snits. Dêrnjonken wiene der yn de foarige lockdown plannen makke foar de takomst. Plannen dy't no opnij besjoen wurde moatte.
Krystsirkus werom nei de opslach, gjin foarstellings: