"Reinier Paping sil foar altyd de ferbylding fan de 'Tocht der Tochten' bliuwe"

Mei it ferstjerren fan Reinier Paping (90) is in ikoan fan de Alvestêdetocht weirekke, seit foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening. "Hy sil foar altyd de ferbylding fan de 'Tocht der Tochten' bliuwe. Dêrneist wie er in hiel 'aimabel' minske."
Reinier Paping yn septimber 2020 mei it blêd DCMNT Elfstedentocht © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Ek kening Willem-Alexander, dy't sels yn 1997 de tocht ried, en keninginne Máxima hawwe reagearre op it ferstjerren fan de alvestêdewinner fan 1963. "Met warmte en bewondering herinneren wij ons deze nuchtere en bescheiden sportheld die miljoenen wist te inspireren", skriuwe sy.
Henk Angenent, de winner fan de lêste Alvestêdetocht yn 1997, neamt Paping in grutte leginde. "Hij is een icoon van de Nederlandse sport en een icoon als mens".

Neffens Angenent wie Paping altyd beskieden. "Ik denk dat hij en Evert (van Benthem, winner 1985 en 1986, red.) en ik daarin ergens hetzelfde zijn. We hebben iets unieks gepresteerd, maar schreeuwen dat niet van de daken. De Elfstedentocht is al een mythische sportwedstrijd, maar de barre tocht van '63 was bijna onmenselijk."
Reinier Paping sil foar altyd de ferbylding fan de 'Tocht der Tochten' bliuwe
It reedrydbûn KNSB seit dat de reedrydsport mei it ferstjerren fan Paping in ambassadeur fan de sport kwytrekke is. "De schaatssport heeft een van zijn grootste iconen verloren", seit Herman de Haan, direkteur-bestjoerder fan de KNSB.

Meast heroyske sportprestaasje ea

"Zijn overwinning in de Elfstedentocht van 1963 is misschien wel de meest heroïsche prestatie die ooit door een schaatser is geleverd. Niet voor niets keert zijn naam elke winter wel eens in de media terug, of de tocht nu doorgaat of niet. Reinier Paping werd zo, in al zijn bescheidenheid, een waar ambassadeur van onze mooie schaatssport."

Minne omstannichheden

Pieter Bootsma fan it Reedrydmuseum yn Hylpen slút him oan by de wurden fan De Haan: "De tocht fan 1963 is noch hieltyd de meast bysûndere Alvestêdetocht dy't we ea hân hawwe."
De omstannichheden fan dy tocht wiene neffens Bootsma sa min, dat er hjoed-de-dei net mear ferriden wurde soe. By de start wie it tweintich graden ûnder it nulpunt en der lei in hiel soad snie. Dat kaam letter op de dei op de baan telâne.
"Je koene it ferskil tusken de baan en de greiden eins net mear sjen. Dat wie ferskriklik. Hy hat him foar de helte allinnich riden. Dat soe no nea wer barre."
Pieter Bootsma fan it Reedrydmuseum