Liveblog | 20 desimber 2021

Coronanijs 20 desimber: 601 besmettingen yn Fryslân | Noed oer winkellju mei lockdown

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 20 desimber 2021, 22:40
22:20

Oant safier

Oant safier it liveblog fan moandei 20 desimber. Moarn is der wer in nij liveblog.
21:04

INretail yn noed oer winkellju

Neffens winkelorganisaasje INretail binne der in soad winkellju dy't benaud binne dat troch de lockdown harren ûndernimming yn 'e knipe komt. Sy pleitsje foar mear stipe fan de oerheid.
De organisaasje hat in peiling by de erfterban dien. In tredde fan de respondenten jout oan gjin oplossingen en middels te sjen om de lockdown troch te kommen. Minder as 40 persint soe mar yn oanmerking komme foar kompensaasje, wylst sa'n trijefearns te lijen hat fan minder omset.
Ferkeap fia ynternet smyt by de measten net genôch op. Dêrom hopet INretail dat op syn minst it keapjen op ôfspraak wer talitten wurdt.
19:55

PvdA Smellingerlân pleitet foar fergeze selstesten

Ynwenners mei in smelle beurs soene eltse wike twa fergeze selstesten fan de gemeente krije moatte, fynt de Partij van de Arbeid yn Smellingerlân. De fraksje jout oan dat de kosten flink oprinne as minsken har oan de advizen fan it kabinet hâlde wolle. Dy kosten lizze foar it grutste part by boargers sels. Dêrom pleitet de fraksje fan de PvdA derfoar dat Smellingerlân eltse wike twa selstesten besikber steld foar minsken mei in leech ynkommen.
De fraksje wiist op de soarchplicht fan de gemeente en hat in moasje yntsjinne yn de hoop op stipe út de gemeenteried.
17:54

Gefolgen fan de lockdown foar skoallen en opfang

Fanwegen de omikronfariant binne de skoallen in wike earder ticht. Dat hat ek gefolgen foar de opfang fan bern bûten skoalle om, fertelt Robert Sängers, direkteur-bestjoerder fan Sinne. "Vanaf morgen is er voor kinderen van 4 tot 12 jaar noodopvang, voor ouders met een cruciaal beroep." Foar lytse bern fan fjouwer jier of jonger feroaret der minder, leit Sängers út. Alden kinne harren bern op reguliere tiden nei de opfang bringe.
De measte âlden hawwe wol begryp, mar guon âlden hawwe gjin alternativen en binne teloarsteld, seit Sängers. Alden dy't in berop ha dy't net as krusiaal sjoen wurdt, mar wol gewoan oan it wurk moatte, moatte oare oplossingen sykje. Sängers seit dat it net sa is dat elkenien by de doar oantoane moat dat er in krusiaal berop hat. "Wij doen dat op basis van vertrouwen, dat hebben we in eerdere lockdowns ook gedaan."
Robert Sängers, direkteur-bestjoerder fan Sinne
17:27

Skoallen op 'e nij yn lockdown: "In twee jaar tijd niets opgeschoten"

It ûnderwiis sit troch de nije coronaregels wer yn lockdown, skoallen hawwe fanwegen de omikronfariant in wike earder krystfakânsje krigen. Yn Snits binne skoallen foar it fuortset ûnderwiis it RSG en Bogerman drok oan de gong om alles klear te setten foar de kommende dagen. De iene docht noch oan online lessen, de oare nimt earder fakânsje.
RSG Magister Alvinus yn Snits © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
16:46

De GGD moat de boosterkampanje bot opskale:

"Wy wolle ta nei 180.000 boosters per wike"