"Wa't fynt dat Hearrenfean ûnfertsjinne wûn hat, hat der gjin ferstân fan"

Sportklup Hearrenfean hat de Fryske derby terjochte wûn. Dêr binne kommentatoaren Andor Faber en Roelof de Vries it wol oer iens. Oer de reade kaart fan Doke Schmidt net.
Andor Faber en Roelof de Vries wienen kommentatoaren © Omrop Fryslân
Ien dei nei de Fryske derby sjogge we werom op de wedstriid mei de beide kommentatoaren fan Omrop Fryslân.
Hat de terjochte ploech wûn?
Roelof: "Ja, 100 prosint. Fansels, Hearrenfean hie it foardiel fan in man mear. Mar ek oant de reade kaart fûn ik Hearrenfean al wat better. Se ha wol wat te folle kânsen fuort jûn, mar dat nimt net wei dat Hearrenfean folle mear balbesit hie, mear kânsen hân hat en dêrmei terjochte wûn. En as je fine dat Hearrenfean net fertsjinne wûn hat, dan ha je gjin ferstân fan fuotbal."
Andor: "Ja, Hearrenfean hat de bêste kânsen hân, de peal en de latte rekke. Dat is logysk, want se spilen mei in man mear. Mar op basis dêrfan is Hearrenfean wol de terjochte winner."
Yn jim liveferslach wienen jim it net iens oer de reade kaart fan Doke Schmidt. Wat fûnen jim derfan?
Andor: "Ik fûn it gjin read. Doke Schmidt is te let en hy komt hurd yn. Dat binne wierheden as in ko. Mar ik fûn de oertrêding net swier genôch foar read. Lit my dúdlik wêze: it is heus in giele kaart. Schmidt woe de toan sette, sjen litte: dit binne we. Mar hy die dat te hurd."
Hy kaam hiel lomp yn. It is dom fan Doke.
Roelof de Vries oer de reade kaart fan Doke Schmidt
Roelof: "It is in twivelgefal. As er read jout, kin ik my it foarstelle. En giel hie ik my ek foarstelle kind. Ik fyn it net sa swart-wyt. Je kinne giel jaan, read ek. Mar hy kaam hiel lomp yn. Hy moat de skiedsrjochter net de mooglikheid jaan om read te jaan. It is dom fan Doke."
Wat hat Hearrenfean goed dien?
Roelof: "Se ha de measte kânsen kreëarre. En ik ergerje my wat oan de krityk dy't Hearrenfean wol krijt. Ja, it is net fantastysk wat Hearrenfean dit seizoen sjen lit, mar sa min is it no ek wer net. It is al better as ferline seizoen. It stiet achteryn goed, it middenfjild ûntwikkelet him. Foaryn kin it noch wat better, mar ik snap de yrritaasje by Jansen wol wat."
In komplimint foar Johnny Jansen: hy hat it fjurke oanwakkere.
Andor Faber
Andor: "Dat fan dy kânsen is dochs wat it probleem fan Hearrenfean dit seizoen. Dat gong no better. En se wienen lekker fanatyk, dat seachst by de opstootsjes: Doke Schmidt makket in oertrêding en hup, Joey Veerman derhinne. Yn de twadde helte wie der in oertrêding foar de dug-outs en de bank siet der gelyk boppe-op. Yn myn eagen is dat in komplimint foar Johnny Jansen. Hy hat it fjurke oanwakkere."
Wat hie Cambuur oars dwaan moatten?
Andor: "Ik fyn dat Cambuur neffens de mooglikheden fuotballe hat. Se ha der in wedstriid fan makke en dat is knap, fanwegen de betide efterstân en de reade kaart. Se ha har weromknokt yn de wedstriid mei de 1-1 ta gefolch. Se ha sels kânsen kreëarre yn de twadde helte. Eins in hiel soad goed dien dus."
Mar...
"Wat je de ploech ferwite kinne, is dat de 1-2 te maklik fuortjûn wurdt. Hoedemakers en Gullit kommunisearje net goed en dêrtroch stiet Henk Veerman frij. Earlik is earlik: hy kopt 'm knap binnen. Mar Cambuur hat it nei de mooglikheden prima dien."
Henk Veerman wint yn de loft fan Maxim Gullit en kopt de 1-2 binnen © ANP
Roelof: "Dat is ek sa. Cambuur hat it net min dien, mar ek net goed. En it is wat in ko yn 'e kont sjen, mar ik bin superbenijd hoe't it mei alve tsjin alve gien wie."
Hoe wie it om ferslach fan dizze wedstriid te dwaan?
Andor: "It wie myn earste derby. It wie bysûnder en ik hie dochs wol wat it derbygefoel, nettsjinsteande it feit dat der gjin fans by wienen. Mar it mei dúdlik wêze: it hie noch folle moaier west mei 10.000 minsken derby. Litte we foaral hoopje dat dat yn it Abe Lenstra stadion letter dit seizoen wol kin."
Roelof: "Ik sil dizze derby ek net gau ferjitte, ek omdat it sa apart is sûnder publyk. En by Hearrenfean stie hjir in hartstikke soad druk op. Cambuur libbe de lêste jierren wat mear yn it skaad fan Hearrenfean, mar stiet op de ranglist no heger en is Hearrenfean ek finansjeel nadere. Dus de druk naam ta foar Hearrenfean. Dêrom wienen de emoasjes nei de winst ek sa grut."
Yn de wyklikse SportCast praat de sportredaksje fan Omrop Fryslân hjoed fierder oer de derby. Hâld ús webside en app yn de gaten.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.